It sintrum fan Drachten sil feroarje
Wy wolle dat it sintrum oantrekliker wurdt foar bewenners, ûndernimmers en besikers. In wichtich plak yn dy feroaring is it Riedhúsplein. It plein wolle wy omfoarmje fan in stiennen romte nei de húskeamer fan de stêd. Om it plein takomstbestindich te meitsjen en it sintrum fan Drachten in boost te jaan, is dy lange-termyn-ynvestearring nedich. Wy wolle dat it Riedhúsplein in plak wurdt dêr't wat te beleven falt, as der eveneminten en aktiviteiten binne, mar ek op rêstige mominten en bûten iepeningstiden fan 'e winkels. Sadat ús ynwenners, ûndernimmers en besikers witte: Riedhúsplein is de place-to-be!
Foar it Riedhúsplein binne trije ûntwerpen makke troch lânskipsarsjitekt BoschSlabbers.
Riedhúsplein
Ûntwerp A
Dit ûntwerp jout de measte romte oan fleksibel gebrûk fan it Riedhúsplein foar bygelyks de merk en eveneminten. Der is dêrom wat minder romte foar griene flakken ferspraat oer it plein. Untwerp A hat de measte beammen en jout tagelyk it measte oersjoch en iepenheid.
Untwerp A hat in flier fan opnij brûkte klinkertstiennen. Om it plein hinne komt in flink tal beammen dêr't it plein folle freonliker troch oanfielt. By de útgong fan 'e parkeargaraazje komst nei bûten yn in grut ferhege gersflak mei sport- en boartersplakken tusken de beammen. Dat ferhege gersflak soarget derfoar dat dy beammen mear romte hawwe om te groeien, sadat it plein flink wat griener wurdt. Foar de Mediamarkt ûntstiet in lytse pleinromte tusken de beammen mei bysûndere aksinten yn 'e strjitfluorring, sfearfolle ferljochting, in wetterboartersplak en in poadiumplak. De terrassen by de Graancirkel en oan 'e eastkant krije opnij in plak yn it ûntwerp.
Riedhúsplein
Ûntwerp B
Dit ûntwerp jout in soad romte foar sitplakjes yn it grien, loungen yn 'e sinne, boartsje en mear natuerlike materialen. Der is minder fleksibel gebrûk mooglik. Der binne mear plantfekken mar minder beammen as yn ûntwerp A. Dit ûntwerp hat sawol iepen pleinromten as mear besletten plakken yn de foarm fan de minyparkjes.
Yn ûntwerp B wurdt foar it grutste part fan it plein in bêzje healferhurding fan grint brûkt. Ek komme der houten eleminten. It plein kriget twa ferlege minyparkjes mei sitplakken yn it grien. By it healferhurde plein tusken de minyparkjes komt in boartersplak mei houten boarterstastellen, sân en lisstuollen oan 'e râne dy't rjochte is op de sinne. Oan 'e oare kant komme in keunstwurk en in poadiumplak. Oan de eastkant komme de terrassen mei loungeplakken op in grut weagjend stalt. Ek it terras by de Graancirkel kriget in eigen stalt. Yn 'e tuskenromte komt in wetterboartersplak. As der merk is of eveneminten binne, stiet it wetter út. Ek yn dit model komt sfearfolle ferljochting.
Riedhúsplein
Ûntwerp C
Untwerp C jout de measte ferkuolling en it measte skaad en hat in soad griene plantfekken mei beammen en sitplakjes. Trochdat der in soad grienfekken binne, is der minder romte foar loungeplakken yn 'e sinne, minder oersjoch en minder romte foar fleksibel gebrûk. Dit ûntwerp jout in unike binnenwrâld yn it grien.
Yn ûntwerp C kriget de pleinflier fan opnij brûkte klinkertstiennen in parkeftich midden mei sit- en boartersplakken. Ferhege plantfekken mei in opsteande bûtenrâne soargje foar mear grûn op 'e parkeargaraazje, sadat planten, strûken en beammen genôch romte hawwe om te groeien. Der ûntstiet in unike sfear yn it grien, mei dêr binnen in poadiumplakje en de yngong nei de parkeargaraazje. Oan de bûtenrâne komt de merk en binne der terrassen, winkels en rinrûtes. Op 'e hoeke fan it terras by de Graancirkel komt in wetterboartersplak. Ek by dit model komt sfearfolle ferljochting.
Stim hjir op dyn favorite ûntwerp
Stimme kin noch oant en mei 11 desimber!
Hoe giet it fierder?
Foar de kryst fan dit jier meitsje wy it winnende ûntwerp bekend. Dat ûntwerp wurdt yn 2026 troch BoschSlabbers fierder útwurke ta in definityf ûntwerp. Medio 2026 begjinne wy mei it sykjen nei in oannimmer en yn 2027 begjinne de wurksumheden foar de definitive ynrjochting fan it Riedhúsplein.


